Ferbining troch mei-inoar te iten yn sosjale ytkeamer fan Anne-Famkes Pleats

Ien kear yn ‘e moanne komme flechtlingen út it azc yn Sint-Anne, Friezen en famyljeleden fan Wini Weidenaar en Jori Bottema by inoar om mei-inoar te iten. Dizze ‘Sosjale Ytkeamer’ yn Anne Famkes Pleats – oan de Ie tusken Stiens en Burdaard – soarget foar ferbining en begryp.

It is in bûnt selskip fan Friezen, famyljeleden en asylsikers út it asylsikerssintrum fan Sint-Anne dat dy woansdei delstrykt yn de ytkeamer fan Anne Famkes Pleats. In eks-kollega fan eigner Wini Weidenaar wurket yn it azc en hat fjouwer bewenners útsocht. Se stean al te wachtsjen as Wini Weidenaar har mei de auto ophellet en op dat stuit witte se noch net wer’t se hinne sille en wat se dwaan sille. As se nei Anne Famkes Pleats ride, fertelt Wini harren dat se iten oanbean krije en dat se dêr neat foar hoege te dwaan. “Just net” seit Wini. “It is krekt de bedoeling dat se in kear bedoarn wurde.”

Ast wat foar in oar dwaan kinst, dan moatst dat net litte. As elkenien soks dwaan soe, soe de wrâld miskien in bytsje moaier wêze.

Wini Weidenaar

Wini Weidenaar is ynspirearre troch har mem dy’t sa no en dan minsken by har thús útnûget om mei te iten. “Wy ha no in hiele grutte pleats. Wy ha de romte, wy ha de gelegenheid en ik hâld fan minsken. Ast wat foar in oar dwaan kinst, dan moatst dat net litte. As elkenien soks dwaan soe, soe de wrâld miskien in bytsje moaier wêze.Reportaazje oer it miel by Anne-Famkes Pleats

Wini en har man Jori Bottema ha yn 2019 de pleats kocht en ferboud. Se wenje der sels mei harren dochter Anne-Famke mei in hiel soad nocht. Mar dat is net genôch: se wolle de moaie pleats en it moaie plakje oan de Ie diele mei safolle mooglik minsken. Ien fan har inisjativen is de sosjale ytkeamer.

Minsken út it doarp en omkriten kinne har opjaan om mei te iten. Se betelje in lyts bedrach en krije dêr in miel fan trije gongen foar. It iten foar de flechtlingen wurdt betelle troch it azc. Neffens Wini is it net de bedoeling dat der winst makke wurdt. “Wy ha fansels wat kosten, want we moatte wol de yngrediïnten foar it iten keapje. Mar wy wolle gjin winst meitsje.

Tjeerd Kramer út Burgum siedt it iten. Yn it deistich libben wurket er yn it Grinzer sikehûs UMCG en dêrfoar wie er ynstellingskok. “Dan bist net echt kok hear, mar ik fyn it no wol in hiele leuke hobby.” Kramer lies op Facebook oer it inisjatyf fan Jori en Wini en melde him by Anne Famkes Pleats. “In prachtich inisjatyf. En mei dizze itensiederij kin ik ek wat bydrage en dat fyn ik hartstikke moai.”

Ierdbeifeestje: it neigesetsje mei kwarktaart en ierdbeien© Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Njonken de sosjale ytkeamer wolle Jori en Wini mear dwaan foar minsken dy’t it dreech ha. “Wy bouwe no oan in bed&breakfast-keamer. Dy wolle we gewoan as bêd en brochjekeamer ferhiere, mar we wolle dy keamer ek ien kear yn ‘e moanne kado dwaan oan minsken dy’t dêr ferlet fan ha. Minsken dy’t it dreech ha en der eins even út moatte, mar dat net betelje kinne.”
Geregeld binne der lytse of wat gruttere eveneminten op Anne Famkes Pleats. “Dêr freegje wy gjin jild foar, want elkenien moat der hinne kinne. Minsken kinne wol frijwillich in bydrage jaan en it grappige is, dat dat faak mear opsmyt as dêr’t de minsken dy’t wy ynhierd ha, om freegje.”

It’s great! These people build a bridge of understanding and love. So, actually it is lovefood.

Ien fan de flechtlingen

De gasten dy’t op dy woansdeitejûn mei-ite, binne stik foar stik tige posityf. It iten smakket poerbêst, mar wichtiger is miskien wol de ferbining dy’t minsken fiele. Ien fan de flechtlingen dy’t goed Ingelsk praat: “It’s great! These people build a bridge of understanding and love. So, actually it is lovefood.”